Ferslach Flaeijelfeest

Sneon 28 septimber 2024 wie it wer Flaeijelfeest yn Aldehoarne en Nijehoarne by it Hearrenfean. Alle jierren in grut barren wat dy twa relatyf lytse doarpen organisearje. Tradysje is sa stadich oan de wy der mei Jan Bakker syn prachtige Lângeiten en ynformaasje tafel in plak hawwe. En jan-en-alleman safolle mooglik yn de klaaiinge út de âlde doaze (jierren tritich).

 Dit jier hie de sinne it dreech. Geregeld in bui of in stower en dan is it frijwat skrousk om ‘e rêch. Der wie lykwols frijwat folk op ‘e lappen dy’t by rein efkes stienen te skûljen by de kreamkes fan de bradery en yn de beide feesttinten. Yn golven kamen de minsken dan wer it evenemintenterrein op. Alles by del, de âlde bakkerij, fruitparse, spitkeet mei baggelturfwurk, echte smidte mei waarm beslach, de petoet mei bromsnor, nôt terskje mei kneppels (flaeijels), bûter tsjernje, tsiis meitsje, prachtige pipoweinen, in protte âlde trekkers, houtseach mesines en wegenbouwalsen op stoom (steam eins), trekkertrek, mais hakselje mei ark fan it earste oere, in pear ekers hea mei skodzje mei hynders en skodder, swylje al lyksa, haiweinen lûge en al kompleet mei pontsjer of bynpeal en foar en efterbine, seine meane en folle mear. Jo soenen der ris hinne moatte. Sels in keatsdemonstraasje mei spilers yn it wyt en op sokken. As klaaiman fielt dat keatsen op de sângrûn foar skriuwer wat ûnwennich.  Mar alla, brede sport is foar elkenien. De hynsteshow wie dit jier in ridderfeestje. Skitterend spul yn klaaiing mei echte stienkatapult op wein om stinsmuorren mei kapot te sjitten, no brûkt om ballen fuort te sjitten dy ’t handige jonges op skateboard efter in fjouwerjend hynder fan ‘e grûn opfannelen.

Us Lângeiten krigen gâns omtinken. Fral Jan syn âldere kampioensbok (92 ptn)fan de keuring op de Harkema fan ’t simmer mei syn prachtige hoarnen en wyldkleur foel op en hie men tagelyk ek ûntsach foar. De trije geiten hawwe leard har aaie te litten… Efter de tafel mei snypsnaren Albert Thalen, Pieter Visser, Jan Bakker en ûnderskreaune. It wie wat heine en slaan om de halsbannen, kleurplaten, hândoeken, kaarten en folders foar wyn en rein te noedzjen. Mar tige slagge en in moaie opstekker foar de klupkas. Graach oant sjen takommend jier!


De groeten, Pyt de Boer