Op 27 septimber wie it wer safier, twa wiken nei de keuring fan Opende is it tradysje om ôf te
reizgjen nei Aldehoarne en Nijehoarne. Om dêr de lângeit oan te priizgjen. It past ek moai yn de sfeerbyld fan de jierren 30 fan de foarige iuw dat organisaasje neistribbet mei klaaiinge en âlde beroppen. Sûnt 1977 wurde dêr de flaijelfeesten organisearre, mei as hichtepunt in grut Iepenloftmuseum op sneon.
Om 8.45 oere moarns kamen Albert Thalen en Pieter Visser op it terrein om oan de ein fan de doarpsstrjitte fol âlde ambachten,(û.o.. hoefsmid in bakker in barbier en tal fan oare
âlde ambachten) neist in spitkeet ús toanbanktafel del te setten.
Fol mei promoasjeartikels soks as kaarten,doekjes, halsbannen,kleurplaten en wat al net fan de lângeit.
Pyt de Boer kaam noch mei in trijetal geiten om dit gehiel folslein te meitsjen.
Om 10 oere wie der in boeren optocht dy`t einige yn it iepen loft museum.
Nei de optocht waard it foar ús tiid om it publyk (mear as 3600) te ûntfangen.
Troch in positive feroaring yn de yndieling fan it terrein, koenen wy rekkenje op in grut
oantal belangstellenden foar ús kreamke.
Mei meastentiids belangstelling foar de lângeit,wolvenpraat, aaisesjes fan de geiten en de aardige geiteferdivedaasjes lykas kaarten en sa mear, dy’t as waarme broadjes oer de toanbank gongen.
Tusken de middei waarden wy bedoarn mei brune beane mei spek en in bearenburch.
Koart kriemd; in slagge dei, mei in posityf byld fan ús hobby, de Lângeiten.
Oant folgjend jier.
Pieter Visser.

