Ferslach Flaeijelfeest Nijehoarne

Ferslach Flaeijelfeest Nijehoarne.

Op sneon 30 septimber wie de Lângeit wer mei in stand en geiten oanwêzich op de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne by it Hearrenfean. Sûnt in jier as fjouwer, fiif steane wy as Lângeitfokkersklup Fryslân op it grutte evenmintenterrein mei ús Lângeiten. Jan Bakker hie in pracht bok fan oardeljier en trije knappe geiten mei. In moaie presintaasje fan ús ras. Efter de tafel Albert Thalen, Pieter Visser, Jan Bakker en ûnderskreaune Pyt.

              

De geiten krigen alle oandacht en wy koenen in protte nijsgjirrige minsken helpe mei ynformaasje. Ien besiker frege my wêr’t de bokkewein keard wie dy’t yn de optocht troch de doarpen meirûn hie.  Faaks in idee om by ús klupke Lângeit-bokkekarre-minsken del te lizzen. Utwreiding fan de stand mei in bokkekarre en Lângeitbok soe net misstean.                                          

It Flaeijelfeest wurdt alle jieren organisearre troch de twillingdoarpen Alde- en Nijehoarne. Dy doarpen telle goed fjouwertûzen minsken, en se sette der wat by op! Bosken minsken komme der altiten op ôf. Doarpsfeest mei in manske optocht, merke, tintefeest mei musykoptredens en al sa wat. Op Sneon giet it fan dik hout.  In grutte merke, oldtimer trekkers, auto’s, in hiele útstalling wenweinen, steammasines, âlde ambachten, kreamen mei allerlei snypsnaren, in smidderij, bakkerij, suvelferwurking, plaggehutte, terskmasines mei hynstetrakje, heaweinen mei in weide hea derop kompleet  mei pontsjer of bynpeal. Heameitsje mei hynders, skodzje, swylje, perse mei antike trekker en heapers, seinemeane, harje.En dan ferjit ik faaks noch ien en oar.

Alles yn klean út de jierren tweintich, tritich. Notabelen yn eptich swart lekkens pak, froulju mei ferlykber lange jurken en skelken en klotskes. Plysje Bromsnor en de petoet. Ambachtslju yn blaukile en seilbokse. Guon mei de reade bûsdoek om ‘e hals. Lyk foar ús geiten waarden spultsjes mei hynders en pony’s útfierd.

Nij dit jier, haw ik begrepen;  in ruter op ‘e guds, in ein tou oan it seal fêst en dêrefter in linich jongbaas of -faam op in soart ’skateboard’. Op in fjouwerjen oer in bochtich parkoers wie dat in spektakel om te sjen. Om yn de sfeer te bliuwen fan de âlde boereweinen dêr’t tusken wein-as en tuolle fan it tsjil faak bargefet smard waard; “It naaide derút as âld weinsmoar”. Omrop Fryslân fersoarget al in jiermannich har sneontemiddei-útstjoering op lokaasje mei no Geart fan Tuinen efter de praatknop.

Skitterend waar dit jier en allinne al oerdei mear as tsientûzen minsken op it fjild. En dan jûns noch musyk yn de grutte tinte. De organisaasje fersoarget ek de dielnimmers yn styl. Sy komme tolve oere del mei in karre mei brune beantsjes mei spekjes, sûpengroattenbrij mei sjerp en in mûltsjefol drinken nei eigen kar. Hearlik!

Treffe wy jo takommend jier?       Pyt de Boer